It prachtige grutte brûzjende wêzen
Dat oeral is en nearne hinne giet
It frjemde rûzjen dat hiel yn é fierte
Sachtjes te hearren is
Dyn prachtige eagen sjogge dwers troch my hinne Ik sit hjir te triljen en fal fan myn stoel
It frjemde fielen dat tusken myn earen
De hiele handel ferbout
Ik bin fereale op dy Ik bin fereale op dy
Ik bin poer fereale op dy
Dyn machtige mûle makket dat ik smoar bin
Ik sit hjir te himjen en sakje troch de grûn
It frjemde rûzjen dat hiel yn é fierte
Sachtjes te hearren is
It machtige moaie sûzjende wêzen
Dat altyd laket en nea ris ien kear gûlt
It frjemde fielen dat tusken myn earen
De hiele handel ferbout
Ik bin fereale op dy Ik bin fereale op dy
Ik bin poer fereale op dy
Ik bin fereale Ja ja Ik bin fereale op dy
Ik bin fereale